Burdaard nominearre foar award

It multyfunksjoneel sintrum yn Burdaard
Multyfunksjoneel sintrum It Spectrum yn Burdaard is nominearre foar Steden in Beweging, de STiB-award. De priis is bedoeld foar inisjativen dy't fernijend wurkje op it mêd fan leefberens yn stêd of doarp. Neffens de sjuery wurde yn it doarpshûs ferskate inisjativen bondele en dat is goed foar it doarp.
Oaren dy't kâns meitsje op de STiB-priis binne Rotterdam Central District, ArenaPoort en The Bank/Rembrandtplein yn Amsterdam. De winner wurdt op 4 juny bekend makke.