Grien ljocht foar poppoadium

De bou fan it nije poppoadium oan it Harmoniekwartier yn Ljouwert giet definityf troch. Dat beslút naam de ried moandeitejûn. Lange tiid wie der ûnwissichheid oer de plannen doe't de twa Ljouwerter popsintra Romein en Asteriks koartlyn út it plan stapten. Benammen oer de eksploitaasje hienen in soad partijen yn de ried noch harren twifels. In mearderheid joech lykwols grien ljocht.
It beslút is ek fan grut belang foar it Friesland College dat in plak krijt yn it nije poppoadium. De skoalle stekt 5 miljoen yn it plan, dat 18 miljoen kostet.
Wethâlder Sjoerd Feitsma twittere nei ôfrin fan de riedsfergadering dat er wiis is mei de stipe fan de mearderheid. Yn septimber 2015 moat it nije poppoadium de doarren iepenje.