Hoareka lulk oer sûpketen

26 maaie 2014 - 20:05

It ûntbrekt de Fryske gemeenten oan ynset om it alkoholgebrûk fan jongerein yn yllegale sûpketen tsjin te gean. Dat seit Corné van de Erve, regiofoarsitter fan de Keninklike Horeka Nederlân. Wylst hoareka-ûndernimmers strang oanpakt wurde, kinne jongeren ûnder de 18 jier gewoan alkohol drinke yn keten, kantines en doarpshuzen, sa konstatearret er.

Op allerhanne wizen besykje jongeren op yllegale wize oan alkohol te kommen, dêr't de ûndernimmers ferfolgens slachtoffer fan wurde. Van de Erve ropt gemeenten op hurde aksjes te ûndernimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)