Thialf ferliest toptoernoaien

© Omrop Fryslân
IIstadion Thialf op It Hearrenfean ferliest mooglik de absolute toptoernoaien as in oare stêd mei in better plan komt as de fernijbou dêr't de provinsje woansdei foar keazen hat. Foarsitter Doekle Terpstra fan reedridersbûn KNSB hopet dat it nije Thialf in topstadion wurdt, mar hat noch in soad fragen.
Terpstra fynt dat Fryslân kânsen lizze lit troch net te kiezen foar folsleine nijbou by Sportstêd Hearrenfean. Troch de fernijbou op it plak fan no ferliest Thialf mooglik syn posysje as toplokaasje.
It reedridersbûn KNSB sil petearen fiere mei plakken dy't ek serieuze plannen hawwe foar in nij iisstadion.