Drokte Game of Thrones-troan

26 maaie 2014 - 17:32

Hûnderten minsken hawwe har yn Ljouwert op de foto sette litten op de izeren troan út de tv-searje Game of Thrones. Dat is in populêre fantasy-searje fan stjoerder HBO. Om dy te promoatsjen wurdt in replika fan de troan op guon plakken yn it lân delset. Fans kin dêr dan mei in grut swurd op de foto.

De izeren troan stie trije oeren op it stasjon yn Ljouwert. De rige fan minsken dy't der even op sitte woene, wie tsientallen meters lang. TV-stjoerder HBO hâlde in stimming yn hokker stêd de troan noch stean moast. Ljouwert wûn dy stimming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)