Oanlis glêsvezel bûtengebiet

26 maaie 2014 - 16:16

It bûtengebiet tusken Easterwâlde en Hoarnstersweach krijt op dit
stuit rap ynternet. Netwurkbehearder TenneT leit dêr op it heden in eigen netwurkwurk oan en de provinsje mei yn dyselde sleuf in glêsfezelkabel dellizze.

Ynternet oer glêsfezel is behoarlik snel en ek nochris goedkeaper, sa seit de provinsje. Der binne in soad bedriuwen yn it gebiet wêrûnder boeren dy't no noch oer in telefoanferbining ynternette moatte en dat smyt hieltiten mear problemen op.

Deputearre Sietske Poepjes makke moandeitemiddei symboalysk in begjin mei it graven fan de sleuf. Dêrby wiene fertsjintwurdigers fan it bedriuwslibben út it Hoarnstersweach en Jobbegea oanwêzich. Sy hoopje dat de ferbining trije kilometer fierder trochlutsen wurdt, sadat noch mear bedriuwen oansluten wurde kinne op glêsvezel en rap ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)