´Stimme foar Kazematten´

26 maaie 2014 - 14:33

It Kazemattemuseum op Koarnwertersân hat online stimmers nedich foar it binnenheljen fan goed 12.000 euro oan sponsorjild. It museum is oanmeld foar de jierlikse wedstriid fan it 3M-Fonds. Dat keart alle jierren jild út oan fjouwer goede doelen op sosjaal, educatyf of miljeugebiet. Wa't it jild krekt krijt, wurdt bepaald troch in online ferkiezing dêr't elkenien oan meidwaan kin.

It Kazemattemuseum hat it jild nedich foar in grutte werynrjochting fan it museum. Totale kosten fan it projekt wurde rûsd op 150.000 euro.

De 12.000 euro fan it 3M-Fûns soe neffens it museum in goede start wêze. Der kin noch stimd wurde oant oktober fan dit jier.

Trefwurden: 
Kazemattemuseum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)