Blog: Bedankt!

We binne wer thús! Mei mear as 4700 km op de teller en in skat oan erfarings. Hoe fynt in Fries syn plak yn de Frânske mienksip? Hoe fine je it lok yn Frankryk? It antwurd is net yn ien sin op te skriuwen. Der is in ferskaat oan redenen: de leafde, it wurk, de natoer, de romte, de rêst, it aventoer of in bettere takomst foar de bern. Wa't emigrearret docht dat mei in dream. Sa'n dream kin útkomme, tsjinfalle of hiel oars útpakke as tocht. We binne mei ús rûnreis alle senario's tsjinkaam. Oeral binne we hertlik ûntfongen en naam men de tiid har ferhaal te fertellen.
Ralph Bonnema, Pietsie Feenstra, Siebrig van der Veen (en bern), Karin Twijnstra en Frans Thijssen, de hiele famylje Zuurbier, Johan en Ellen van Slooten, Henny, Jan, Roelof en Jan Job de Boer, Bart en Anneke van der Veen en bern, Jan de Boer en Ana, Frits Hoekstra, Simon de Boer en Stien Bruinsma, bedankt foar jim waarme wolkom en iepenheid. Bedankt dat we even oer jim skouder mei sjen mochten.
Fan al dizze ferhalen meitsje wy in rige programma's. Dizze wurde fan snein 22 juny ôf útstjoerd yn it radioprogramma Buro de Vries, tusken 12:00 en 13:00 oere. Ynkoarten sille we hjir in útstjoerskema pleatse. We winskje jim allegear in moaie simmer en oant sjen!