Ut de tiid troch GHB
De plysje yn Ljouwert trof sneintejûn in 21-jierrige man út de tiid oan op de Foarstreek. Ut ûndersyk die bliken dat de man GHB brûkt hie en er net goed fan wurden wie.
De man is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De plysje ûndersiket de saak.