Strjitfestival drok en slagge

It Frysk strjitfestival yn Ljouwert hat dit jier mear besikers lutsen as it ôfrune jier, doe't der 60.000 minsken nei Ljouwert kaamen. Dat tinkt Margret Havinga, projektlieder fan de organisaasje fan it strjitfestival. Hoefolle minsken it strjitfestival krekt lutsen hat, kin de organisaasje net sizze. Wol sjogge se werom op in tige slagge wykein. Havinga neamde it in 'geweldich wykein'.
Dit jier waard de Van der Eems publykspriis foar it earst útrikt. Dat sil kommend jier opnij barre om't it de organisaasje goed befoel, sa seit Havinga.