Brûns foar Epke op de brêge

25 maaie 2014 - 17:02

Epke Zonderland pakte sneintemiddei yn Sofia by de tastelfinale op de brêge de brûnzen medalje. Zonderland turne in knappe oefening, Hy einige mei in puntetal fan 15,333. De Oekraïner Oleg Vernjajev waard Europeesk kampioen mei 15,966, de Rus David Beljavsky waard twadde mei 15,666.

Earder pakte Epke yn 2007 in brûnzen medalje op dit ûnderdiel en yn 2011 in sulveren medalje. Zonderland turnet sneintemiddei ek noch de rekstôkfinale. Op dat ûnderdiel is Zonderland de grutte favoryt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)