Steenstra wint yn Nijewier

Tsjisse Steenstra, Hyltsje Bosma en Daniël Iseger © Henk Bootsma
De haadklassepartij keatsen troch inoar lotsjen yn Nijewier is sneon wûn troch it partoer fan Tjisse Steenstra, Hyltje Bosma en Daniël Iseger. Yn in spannende finale wie it trijetal mei 5-5 en 6-2 te sterk foar Jelte-Pieter Dijkstra, Jacob Klaas Haitsma en Steven de Bruin. De lytse preemje wie foar it partoer fan Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Hendrik Kootstra, dat mei 5-1 en 6-2 ûnderút gong tsjin Jelte-Pieter Dijkstra c.s.
It wie de earste kear dat der in haadklasse keatspartij yn Nijewier ferkeatst waard.