Famke (18) oppakt foar dealen
De plysje hat sneontejûn in famke fan 18 jier út Drachten oanholden oan de Bergleane yn har wenplak. Plysjes seagen dat sy en in jonge drugs dealden yn it Reidingpark. In tredde persoan naaide út by it sjen fan de plysje. Yn de boskjes fûn de plysje 39 pillen. Nei alle gedachten giet it om XTC. De jonge wist ek út te naaien.
It famke waard nei it buro brocht. De plysje wit wa't de jonge is en sil him letter noch ferhearre.