Helmholt wint op It Heidenskip

Bart Helmholt hat de twadde fierljepwedstriid fan it seizoen op syn namme skreaun. De Burgumer ljepte yn de finale yn It Heidenskip nei 20.28 m. Dêrmei kaam hy 40 sentimer fierder as klassemintslieder Oane Galama, dy't yn de foarrûnde de fierste wie mei 19.88 m. It brûns gie nei Nard Brandsma (19.53 m.)
By de junioaren wûn Age Hulder fan Burgum mei 17.79 m. Jan Teade Nauta fan Drylts wie de bêste by de jonges (16.81) en by de froulju pakte Hilianne van der Wal út Noardburgum de winst yn de finale mei 14.98 m.
Takom sneontemiddei is de tredde fierlepwedstriid op De Jouwer.