Trije himptopknippers oppakt

25 maaie 2014 - 11:59

De plysje hat sneon yn in skuorre by in wenning yn de gemeente De Fryske Marren in lytse himpkwekerij oantroffen. Der stiene goed 70 himpplanten. Trije minsken wiene dwaande mei it knippen fan de toppen. Sy binne oanholden.

It giet om twa froulju fan 25 en 53 jier en in man fan 72, alle trije út de gemeente De Fryske Marren.

Trefwurden: 
himpkwekerij himp himptoppen
(advertinsje)
(advertinsje)