Brundel wint Kralinger Cup

Tony Brundel fan it skûtsje de Lytse Lies hat de alderearste Kralinger Cup wûn. De ôfrûne trije dagen waard op de Kralinger Plas by Rotterdam it evenemint Skûtsjesilen Holland holden. Tsien IFKS-skûtsjes giene yn fiif wedstriden de striid mei elkoar oan. Under oare fiif IFKS-kampioenen fan de lêste tsien jier diene oan de bysûndere silerij mei. De cup waard útrikt troch Jort Kelder, Klaas Jansma fersoarge it kommentaar by de wedstriid.
De skûtsjes farre snein wer nei Fryslân werom.