Janmaat en Zomer yn basis

© awfoto.nl
Daryl Janmaat en Ramon Zomer keare werom yn de basis by SC Hearrenfean yn de wedstriid tsjin AZ. Beide ferdigeners binne hersteld fan harren blessueres. Dêrtroch begjinne Arnold Kruiswijk en Doke Schmidt op de bank yn de topper.
Oussama Assaidi sit foar it earst sûnt heal desimber wer by de wedstriidseleksje. De Marokkaanske oanfaller is wer fit, mar trainer Ron Jans fynt it noch te betiid foar in basisplak. "Mocht de situatie erom vragen, dan brengen we hem alsnog. Hij is toch een extra wapen."