Pieter-Jan Postma twadde

24 maaie 2014 - 17:20

Finnsiler Pieter-Jan Postma is sneon by de medaljerace fan de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik twadde wurden. Postma hie it goud yn sicht, mar kaam krekt te koart tsjin de jonge Dútse koprinner Phillip Kasueske (19), dy't de medaljerace wûn. Postma einige as twadde, krekt achter syn Dútske konkurrint.

Postma is yn syn holle foaral dwaande mei de Volvo Ocean Race, dêr't er hurd foar oan it trainen is. Binnen fjirtjin dagen moat dúdlik wurde oft Postma ek echt meidwaan kinne oan dizze sylrace oer de wrâld.

It wie foar Postma al de tredde kear dat er twadde waard by de Delta LLoyd Regatta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)