ONS ferliest kwartfinale beker

ONS Boso Snits hat sneon de kwartfinale om de lanlike beker mei 6-2 ferlern fan ASWH. Yn Hendrik-Ido Ambacht kamen de Snitsers nei 9 minuten op efterstân. Trije minuten letter soarge Martijn Roosenberg foar de Snitser lykmakker. Noch gjin fiif minuten letter stie de 2-1 foar de thúsploech op it boerd. Nei rêst smiet ASWH de wedstriid mei twa rappe treffers definityf yn it slot.
Pas by in 5-1 efterstân wist Tjisse Kerkstra wat werom te dwaan. De slotnoat wie foar ASWH dy't de 6-2 einstân op it boerd sette.