Pieter Weening út de Giro
Etappewinner Pieter Weening fan De Harkema hat sneon de Ronde fan Italië ferlitten. De swiere 14e etappe nei Oropa wie Weening oermânsk. Weening syn ploech Orica-Greenedge liet freed al wite dat de Harkyt pine yn it liif hie. Weening syn ploech hat no noch mar fjouwer hurdfytsers oer yn de Giro.
Ofrûne snein skreau Weening de njoggende etappe fan de Giro op syn namme.