Kondoleânsjeregister yn Twizel

It kondoleânsjeregister yn de sportkantine yn Twizel © Kappers Media
Yn de kuorbalkantine fan Twizel kin ek dit wykein noch it kondoleânsjeregister tekene wurde. Dat is bedoeld foar de famylje fan it famke, dat woansdei omkaam by it ûngelok mei in dug-out op it kuorbalfjild fan Twizel. Dêr wie op dat stuit in skoalkuorbaltoernoai oan 'e gong, mei sa'n tûzen bern.
Neist it omkommen famke, rekken fjouwer bern ferwûne doe't de dug-out ynstoarte. It register kin beide dagen fan twaen oant fjouweren tekene wurde.