Deputearre rikt 'Mearkes' út

Deputearre Jannewietske de Vries hat freed yn Eastermar de earste twa eksimplaren fan it nije ferhaleboek 'Mearkes út 'e Wâlden' útrikt. It boek mei folksferhalen, sammele troch Dam Jaarsma, binne tusken 1950 en 1980 opfandele by allerhanne fertellers yn de Wâlden.
Fan Geeske Kobus en Anders Bijma binne in soad ferhalen opnommen. It boek ferskynt yn it ramt fan it Dam Jaarsmajier. Jaarsma waard hûndert jier lyn berne. Hy hat yn syn libben tûzenen folksferhalen sammele. Dat die er op 'e fyts.