Dôveskoalle no ek yn Snits

Bern dy't problemen hawwe mei it hearren kinne meikoarten mooglik ek yn Snits nei skoalle. Op dit stuit kinne se allinnich oanpast ûnderwiis krije by De Skelp yn Drachten. Dy skoalle wol no in dependânse begjinne, sadat bern út it Súdwest-Fryslân net mear lang hoege te reizgjen. Doel is dat der earst in klasse komt foar bern fan fjouwer oant seis jier âld, mooglik komme dêr op termyn klassen foar âldere bern by.
Op dit stuit binne tolve bern oanmeld foar de fêstiging yn Snits. It doel is dat dy nei de simmerfakânsje begjint.
De gemeenteried moat hjir noch wol grien ljocht foar jaan.