De Gordyk:swimbad moarns ticht

24 maaie 2014 - 10:47

It swimbad op De Gordyk giet nije wike freed wer iepen. Dat seit behearder Edward de Leeuw. Hy is bliid mei de bydrage fan de gemeente Opsterlân fan 20.000 euro. Dochs rêdt er it dêr net mei. Om yn de takomst iepen bliuwe te kinnen, nimt er ek oare maatregels om de kosten yn de hân te hâlden.

It swimbad bliuwt dêrom foarearst moarns ticht. Troch dêrneist mear frijwilligers yn te setten, hopet de behearder it swimbad no en yn de takomst iepen hâlde te kinnen. It iepenloftswimbad hie eins op 1 maaie al iepen wêze moatten.

Op De Gordyk is de ôfrûne wike aksjefierd foar it swimbad. Sa rûnen by de jûnsfjouwerdaagse bern yn swimbroek en badpak mei spandoeken foar it iepenjen fan it swimbad. Sy misse it swimbad mei it moaie waar.

De Leeuw wol him de kommende simmer wol fleksibel opstelle. Hy is yn prinsipe ree om it swimbad op hiel waarme dagen wol ek moarns te iepenjen.

Trefwurden: 
De Gordyk swimbad iepen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)