Schuttevaerrace ûnderweis

De earste dielnimmers oan de Schuttevaerrace wurde sneontenacht werom ferwachte yn Starum. Yn dat plak begûn freedtemoarn ek de 32e edysje fan de race. Dêr dogge dit jier 32 skippen oan mei. Dy sile in tocht fia Teksel, Flylân, Harns en Skylge.
Op de eilannen moat ûnder oare hurdrûn en hurdfytst wurde. Neffens de organisaasje binne de waarsomstannichheden goed, al hie der wol wat mear wyn stean kinnen. De dielnimmers binne te folgjen fia de webside fan de organisaasje.