'Twa iisbanen kin prima'

24 feb 2012 - 12:22

Yn Nederlân kinne bêst twa iisbanen neist inkoar bestean. Plannen foar in nije tophal yn Almere kinne prima bestean neist in ferboud Thialf op it Hearrenfean. Dat seit Bertus Butter dy't ek de nije iisbanen yn Sotsji, Astana en Kolomna ûntworpen hat.

Plannen yn Almere wurde no rap konkreet, no't dúdlik is dat Thialf op It Hearrenfean foar 50 miljoen euro ferboud wurdt en der gjin nij iisstadion komt by it Abe Lenstrastadion. De twa 400 meterbanen yn Almere jouwe plak oan 20.000 taskôgers en kostje 60 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)