Prins Friso slimme harsenskea

24 feb 2012 - 12:11

Prins Friso hat troch it sky-ûngelok fan ferline wike freed grutte harsenskea oprûn. Dat sei syn behanneljend arts freed op in parsekonferinsje. De prins leit sûnt it ûngelok yn koma en it is noch mar de fraach oft er dêr ea útkomme sil.

De prins sil oerbrocht wurde nei in revalidaasjesintrum. As er al bykomt, dan kin dat wol moannen of jierren duorje.

De prins rekke in wike ferlyn troch in lawine ûnder de snie. Hy krige in hertstilstân. Neidat er út de snie weihelle is, is er 50 minuten lang reanimearre. De harsenskea is oantoand mei in MRI-scan dy't tongersdei makke is.

Trefwurden: 
prins Friso
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)