Jirnsum tsjin sloop wenningen

23 maaie 2014 - 20:11

Jirnsumers hawwe freedtemiddei 370 hantekenings oanbean oan wenningbouferiening Elkien en de gemeente Ljouwert. Sy wolle dat 24 wenten oan Dekemahiem rêden wurde fan sloop. Elkien hat oanjûn de wennings yn 2016 slope te wollen en gjin nijbouwenten te bouwen. De hierwennings dy't no leechkomme, wurde al net mear op 'e nij ferhierd. Aksjefierders yn Jirnsum fine dat it slopen fan de goedkeape wenten krimp yn 'e hân wurket. Sy wolle graach mei Elkien en de gemeente om tafel om te sykjen nei alternativen.

De aksjefierders wolle de wennings bygelyks foar in symboalyske priis oernimme en sels foar ûnderhâld soargje.
Elkien en de gemeente Ljouwert sizze beide yn petear te wollen mei de Jirnsumers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)