Erven Feenstra 325 jier

23 maaie 2014 - 19:36

By boumateriaalûndernimming Erven Feenstra yn Snits waard freed stilstien by it 325-jierrich bestean. Reden foar direkteur Wietse de Vos om klanten en oare relaasjes út te noegjen foar in jubileumbeurs yn it magasyn. De ûndernimmers koenen harren guod der útstalle en netwurkje. Ek waard in jubileummagazine útdield mei ferhalen fan klanten en har relaasje mei Erven Feenstra.

Yn de showroom fan it bedriuw is in eksposyje te sjen fan stiennen dy't it bedriuw troch de jierren ûntwikkele en ferkocht hat.

Trefwurden: 
Snits Erven Feenstra 325 jier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)