Ungelok Drachtsterbrêge

23 maaie 2014 - 18:43

De Drachtsterbrêge yn Ljouwert is freed oan it begjin fan de jûn yn beide rjochtingen ôfsletten west. Oarsaak wie in kop-sturtbotsing yn de jûnsspits tusken ferskate auto's. Ferkear moast omride fia de Van Harinxmabrêge.Sa't it no liket is der ien persoan ferwûne rekke.

De dyk by de brêge is sûnt dizze wike omlein fanwege it wurk oan it akwadukt dat de brêge ferfange moat. Sûnt dizze omlieding ha der al ferskate oanridings west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)