Twa nije spilers Cambuur

23 maaie 2014 - 16:56

Sportklup Cambuur hat twa nije spilers foar takom seizoen kontraktearre. Etiënne Reijnen (27) komt fan AZ en Berend Schootstra (19) fan Sportklup Hearrenfean A1.

Etiënne Reijnen is in sintrale ferdigener. Hy komt transferfrij oer. De ferdigener spile 3,5 seizoen foar AZ en dêrfoar hast seis jier by FC Zwolle (no PEC Zwolle). Hy tekenet by Cambuur in kontrakt foar twa jier. Schootstra is in ferdigenjende middenfjilder en hat noch net earder yn de earedivzyje spile. De jonge middenfjilder hat in learling-prof-kontrakt tekene.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)