Wer rjochtsaak tsjin aaisykjen

Ljipaai © ANP
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten wol sa gau mooglik om tafel mei Faunabeskerming Nederland. Ofrûne woansdei stiene beide partijen foar de safolste kear tsjinoerelkoar yn de rjochtbank. Ynset foar Faunabeskerming wie in totaalferbot op it meinimmen fan ljipaaien.
De rjochter is dêr net yn meigien en dat betsjut dat der no in sitting folget yn heger berop en úteinlik nei alle gedachten de Ried fan Steat.
De rjochtsaken tsjin it aaisykjen binne in jierliks juridysk ritueel wurden dat neffens foarsitter Rendert Algra fan it BFFW in soad tiid en jild kostet. Hy wol graach mei Faunabeskerming yn petear om te sjen oft se op in oare wize it konflikt oplosse kinne. Algra hat lykwols net folle betrouwen yn dat it ta in petear komt. Hy besiket al sûnt syn oantreden as foarsitter ta in petear te kommen.