'Unfeilich troch besunigings'

23 maaie 2014 - 15:33

Gemeentlike besunigings driigje foar ûnfeilige sitewaasjes te soargjen op en om de sportfjilden. Dêr waskôget de feriening Sport en Gemeente foar. De organisaasje helpt gemeenten mei it sportbelied.

Neffens direkteur André de Jeu is it budzjet by de gemeenten de ôfrûne jierren bot nei ûnderen gien. Sportferienings wurdt hieltyd faker frege om sels ûnderhâld oan tribunes, klaaihokken en dug-outs te dwaan. Dat kin ek wol, seit De Jeu, mar moat der dan wol in goede kontrôle wêze en dat is faak net it gefal.

De Jeu is skrokken fan it ûngelok yn Twizel en neffens him is it in 'wake-up-call' foar de gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)