Skûtsjeles Rotterdamske bern

Skoalbern fan basisskoallen út Rotterdam krigen freed skûtsjesles op de Kralingse Plas. Dêr leinen tsien skûtsjes klear oan de wâlskant yn it ramt fan it evenemint Skûtsjesilen Holland. De bemanning stie klear om te fertellen wat in skûtsje is en wêr't it spul foar tsjinnet. Mar ek koenen de bern sjen hoe't der eartiids op sa'n skûtsje wurke en wenne waard.
Freedtemiddei is der in skûtsjesylwedstriid op de Kralingse Plas. Dy is te folgjen op www.omroplive.nl.