Kondoleânsje fan Jorritsma

23 maaie 2014 - 14:36

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hat freed it kondoleânseregister foar de 10-jierrige Yrsa tekene. Dat melde er op Twitter.

Jorritsma wol dêrmei syn dielnimming toane oan de famylje fan it famke dat woansdei ferstoar by it ûngelok mei de dug-out op it sportfjild fan Twizel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)