6000 euro yn ûnderbroek

24 feb 2012 - 11:40

In 38-jierige frou út Jamaika is yn Ljouwert oanhâlden mei goed 6000 euro yn har ûnderguod. De frou koe net ferklearje hoe't se oan it jild kaam is. De plysje hat it jild yn beslach naam foar fierder ûndersyk. De plysje kaam de frou op it spoar by in grutte swartrideraksje op en by it stasjon. Sy waard fertocht fan winkelstellerij, doe't de plysje ûntduts dat se besocht in jildbedrach yn har ûnderguod te dwaan.

De frou is meinaam nei it plysjeburo. In 48-jierrige man út Emmen moast ek mei nei it buro.

De anty-swartridersaksje waard útfierd troch it Korps Lanlike Plysjetsjinsten. De twa wurde fertocht fan stellerij en it wytwaskjen fan jild. In ûndernimmer út de binnenstêd sei tsjin de spoarweiplysje dat twa reizgers guod fan him stellen hiene. By it fûillearjen fan de 38-jierrige frou út Jamaika fûn de plysje 6450 euro, wylst se gjin ynkomsten hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)