Auto's yn beslach naam

23 maaie 2014 - 14:13

De plysje hat tongersdeitejûn by in grutte kontrôle by Aldehaske yn gearwurking mei de Belestingtsjinst santjin auto's yn beslach naam. Sân auto's waarden direkt ôffierd. By de kontrôle waard in bedrach fan goed 17.000 euro oan iepensteande boetes ophelle.

In tal bestjoerders waard boppedat op de bon slingere om't se gjin riem om hienen, oan it beljen wienen of gjin jildige kentekenplaat hienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)