Bertilla tenei Neibertilla

Ferpleechhûs Bertilla yn Drachten hjit fan hjoed ôf Neibertilla. De nije namme waard freedtemoarn bekend makke by de offisjele iepening fan de fernijbou fan Bertilla dy't trije jier duorre hat. Earder wie soarchorganisaasje ZuidOostZorg fan doel de namme Bertilla te skrassen en waard it publyk frege om in nije namme foar it soarchkompleks te betinken. De oproep soarge foar fûle reaksjes, ûnder oare út in tal tsjerkemienskippen.
It multyfunksjoneel soarchsintrum Sûnenz, dat ûnderdiel is fan it ferpleechhûs, hjit tenei Neisûnenz. Fanwege de offisjele iepening is der freed oan't jûn healwei achten iepen hûs.