Cambuur-saak: 6 moanne easke

23 maaie 2014 - 13:36

De rjochtbank hat tsjin ien fan de fjouwer fertochten fan ûngeregeldheden op 1 april by it Cambuurstadion in finzenisstaf fan seis moanne easke, twa dêrfan binne ûnder betingst. Ek soe er twa jier net yn it Cambuurstadion komme meie.

De fjouwer woene trainer Dwight Lodeweges te liif gean doe't dy syn oerstap fan Cambuur nei Hearrenfean bekend makke. Se wurde fertocht fan it brûken fan geweld, bedriging en fernieling. De saken wurde apart fan elkoar behannele. De oare trije komme freedtemiddei ek noch foar.

Trefwurden: 
rjochtsaak SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)