Stedhûs Boalsert wurdt opknapt

It stedhûs fan Boalsert
It âlde stedhûs fan Boalsert is ien fan de monumintale gebouwen dy't profitearje fan ekstra provinsjaal jild. De provinsje stekt oardel miljoen ekstra yn it opknappen fan âlde gebouwen, sa waard freed bekend. Mei-inoar is der acht miljoen euro beskikber. De restauraasjeregeling jildt ek foar gemeentlike monuminten en gebouwen.
Neist it âlde stêdhûs fan Boalsert wurde it Eijsingahûs yn Beetstersweach en it Van Doesburg-Rinsemahûs yn Drachten ek opknapt. Stifting Alde Fryske Tsjerken en stifting Fryske Mole krije ek jild.