Stroomsteuring Smellingerlân

Heechspanningskabels © Omrop Fryslân
Húshâldens yn de doarpen Aldegea en Nijegea yn de gemeente Smellingerlân en yn in diel fan Drachten hawwe freedtemoarn in pear oeren sûnder stroom sitten. De steuring duorre fan alve oant twa oere.
De steuring yn Drachten waard feroarsake troch graafwurksumheden oan de Drachtster Feart. Dêrby waard in kabel rekke. Oft it ek de oarsaak is fan de steuring yn buordoarpen Aldegea en Nijegea kin enerzjyleveransier Liander net sizze.