De Rot moat toeristen lûke

23 maaie 2014 - 06:51

De Rottefalle wol it âlde beurtskip De Rot ynsette om mear toeristen nei de regio te krijen. Sa wurde der spesjale syltochten foar publyk hâlden by historyske bysûnderheden yn de streek del. De haven fan De Rottefalle wurdt ek oantrekliker makke foar toeristen.

Om ekstra omtinken foar De Rot as toeristyske attraksje te krijen, sette it skip freed mei in bemanning yn histoaryske kostúms, ûnder wa boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân, ôf nei Ljouwert. De delegaasje wurdt dêr feestlik wolkom hjitten troch boargemaster Ferd Crone.

It izeren skûtsje De Rot komt út 1887 en is dêrmei it âldste izeren skûtsje fan de wrâld. De Rot waard koartlyn troch mear as 75 frijwilligers foar goed 55.000 euro yn oarspronklike steat werombrocht. It skip waard eartiids brûkt om as beurtskip fracht, post en passazjiers fan De Rottefalle en omkriten oer Eastermar en Burgum úteinlik nei Ljouwert te bringen. De Rot sil tenei in fêst lisplak krije yn de haven fan De Rottefalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)