Soad VIP's op earste syldei

23 maaie 2014 - 06:25

De earste jûn fan it Skûtsjesilen Holland op de Kralingse Plas yn Rotterdam wie tongersdei foaral in feest foar de sponsoren, de sakelju en de VIP's. De gewoane Rotterdammer rûn der noch net echt waarm foar, mar de organisaasje hopet dat minsken de kommende twa dagen noch komme nei oanlieding fan de publisiteit rûnom dizze earste dei.

De earste sylwedstriid waard wûn troch skipper Sikke Heerschop mei de Wylde Wytse. De skûtsjes waarden fuortsketten troch boargemaster Ahmed Aboutaleb fan Rotterdam en Crone fan Ljouwert.

Aboutaleb ûntfong by de start in Fryske flagge fan boargemaster Crone. Crone wie der by om't Rotterdam as lêste Nederlânske stêd Kulturele Haadstêd fan Europa wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)