Ferwûnen nei fal fan feestwein

Ambulânse © ANP XTRA
De helptsjinsten binne tongersdeitejûn manmachtich útrukt nei't yn Damwâld fjouwer minsken fan in fersierde wein fallen wiene. De ferwûnen wiene neffens de plysje oansprekber. In ûnbekend tal slachoffers is nei it sikehûs brocht, mar it liket neffens de plysje ta te fallen mei de ferwûnings.
It ûngelok wie op de Doniawei. Nei alle gedachten kaam de wein fan it Heidefeest yn Twizelerheide en is er yn Damwâld fan de dyk ôfrekke.