Grutte ferskillen stimmen EU

De opkomst by de Europeeske ferkiezings tongersdei toant grutte ferskillen per gemeente. Op It Amelân en Skylge gie mear as 50 prosint fan de minsken te stimmen, yn Dantumadiel en Frjentsjer wie dat 37 prosint. Yn de nije gemeente De Fryske Marren wie it persintaazje rom 39.
Yn de gemeente Ljouwert wie de opkomst 37 prosint, goed 5 prosint heger as by de foarige EU-ferkiezings. Yn Weststellingwerf lei it opkomstpersintaazje ek op 37 prosint. Menameradiel die it mei 40 prosint krekt wat better.