Taeke Oppewal wint pompeblêd

It poadium op De Harkema
Taeke Oppewal is tongersdei winner wurden fan de Pompeblêd-wedstriid oer twa dagen. De 44-jierrige hurdfytser fan It Hearrenfean waard op De Harkema krekt as in woansdeitejûn yn Gerkeskleaster twadde yn it kritearium. Dat wie royaal genôch foar de einoerwinning.
De winst yn it doarp fan Pieter Weening wie foar Johan Knol fan Midwolde. Hy wie de rapste fan de njoggen man sterke kopgroep. Steven Lammertink fan Enter waard tredde, Harry Sweering fan Snits fjirde. Yn de einstân waard Lammertink twadde en Knol tredde.