Noch ien ferwûne yn sikehûs

22 maaie 2014 - 21:17

Fan de slachtoffers fan it ûngelok mei de dug-out op it sportfjild yn Twizel ôfrûne woansdei, leit noch ien yn it sikehûs. It giet om in 7-jierrich famke út Surhústerfean. It slachtofferke leit op de intensive care fan it UMCG yn Grins. Har situaasje is soarchlik. Alle oare bern dy't ferwûne rekken, binne wer thús.

In famke fan 10 jier út Surhústerfean kaam by it ûngelok om it libben doe't de betonnen dakplaat fan de dug-out op har terjochte kaam.

Trefwurden: 
ûngelok UMCG Twizel dug-out
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)