Protest by swimbad De Gordyk

Op de lêste jûn fan de Avondvierdaagse op De Gordyk hawwe tsientallen bern tongersdei aksjefierd foar it swimbad. De bern rûnen yn de swimklean of mei in swimbân om. Troch in konflikt tusken de eksploitant en de gemeente is it swimbad al wiken ticht, wylst it al iepen wêze moatten hie.
Gewoanwei kin elkenien fan 1 maaie ôf swimme op De Gordyk. It swimbad hat in finansjeel tekoart troch oprinnende kosten en weromrinnende besikersoantalen. De gemeente soe dêrom neffens de eksploitant byspringe moatte. Oant no ta is der gjin oplossing fûn.