Opkomst ferkiezings wat leger

De opkomst by de Europeeske ferkiezings lei tongersdeitemiddei om 15.30 oere wat leger as yn 2009. Om dy tiid hinne wie it lanlike opkomstpersintaazje sa'n 19 prosint. Fiif jier lyn wie dat sa'n 22 prosint. Dat meldt alteast ûndersyksburo Ipsos fia Twitter.
Yn Fryslân is de opkomst op de Waadeilannen lykas altyd wer heech. Sa hat op it Amelân al 31 prosint te stimmen west en op Skiermûntseach sels 47 prosint. De stimburo's binne noch oant njoggen oere iepen.
Hjir in oersjoch fan de Fryske gemeenten dy't opkomstsifers bekendmakke ha:
Amelân: 30,7% (15.30 oere)
Dantumadiel: 15% (13.30 oere)
Dongeradiel: 18,4% (15.00 oere)
De Fryske Marren: 24% (15.30 oere)
Harns: 17,6% (15.00 oere)
Hearrenfean: 19% (16.00 oere)
Kollumerlân: 17,7% (16.00 oere)
Littenseradiel: 20% (15.30 oere)
Ljouwert: 19,3% (16.00 oere)
Menameradiel: 15,7% (15.00 oere)
Opsterlân: 18,4% (15.00 oere)
Skiermûntseach: 47% (15.30 oere)
Tytsjerksteradiel: 20% (15.30 oere)
Weststellingwerf: 16,4% (15.00 oere)