Frjentsjer hat wer swannehûs

It stedspark fan Frjentsjer hat nei fjouwer jier wer in swannehûs yn de sintrale fiver. It swannehûs is boud neffens it orizjinele ûntwerp fan 1958, mar wol mei moderne, duorsume materialen. Learlingen fan it Friesland College út Ljouwert hawwe it hûs makke.
De bou fan it swannehûs wie ûnderdiel fan it lesprogramma fan de learlingen fan de bou-oplieding fan it Friesland College. It park yn Frjentsjer is oanlein tusken 1956 en 1958, it swannehûs wie in kado fan de personielsferiening fan de gemeente Frjentsjer.